kalimah.top
a b c d e f g h i j k l m n o p q r s t u v w x y z 0 1 2 3 4 5 6 7 8 9 #

stonecrobs – sûnder dy كلمات اغاني

Loading...

de minsken rinne foarby, sjochst se gean
do wolst wat sizze, mar do seist úteindlik neat
al dyn praat en watsto dochst, is al earder dien

dus bliuwst do op eigen hiem

dyn hert dat razet en dyn holle ek
do dochst sa dapper wa hâldst foar de gek
op syk nei leafde mar dat rakkest sa kwyt
d’r sit gjin gloarje yn spyt

hé wêr giesto nei ta
wit dat ik bliuw en op dy wacht

ik kin wier net sûnder
mar wit noch net wa’sto bist
sûnder dy kin ik net
‘k hoop datst dy sjen litte kinst

do hearst de ferskes, leafde giet faak mis
mar wit dat net probearje ek te maklik is
bliuw net wachtsjen oant dyn libben foarby
holle omheech en lit dyn leafde frij

hé wêr giesto nei ta
wit dat ik bliuw en op dy wacht

ik kin wier net sûnder
mar wit noch net wa’sto bist
sûnder dy kin ik net
‘k hoop datst dy sjen litte kinst

ik kin wier net sûnder
mar wit noch net wa’sto bist
sûnder dy kin ik net
‘k hoop datst dy sjen litte kinst

doar te libjen set in stap foarút
ien kear binnen dan wolst der nea wer út
stap foar stap en dei nei dei
leafde fynt syn wei

كلمات أغنية عشوائية

اهم الاغاني لهذا الاسبوع

Loading...