nynke laverman – salang كلمات اغاني
krekt ûnder myn hûd
fonkelje dyn eagen
kleurje read wat kâld wie
meitsje yn ‘e tiis
fjoer om myn ankels
fjoer yn myn hier
myn earen streame fol
mei inkeld noch dyn lûd
ús azem sûzet
foar dyn mûle wol ik sjonge
dyn laits brekt de skamte
núnderet sêft troch myn bloed
ús earms falle yn
en rûn rûnom inoar
ús soargen slite
om’t ús buken inoar fiele
ús heupen brâne fûl
om’t wy dûnsje siel oan siel
salang, salang
salang, salang
en lang nei ús dûns
as wy sliepe op ‘e wyn
ljochtet ús fel
in beaken yn ‘e nacht
sa’t de ien de oar wer fynt
as dy fier fuort dreame mocht
en even sille wy skrieme
om’t ús herten samar sjonge
fan in moeting lang lyn
de stilte raant
yn ‘e waarmte fan de moarn
ús triennen brekke iis
ús earms falle yn
en rûn rûnom inoar
ús soargen slite
om’t ús buken inoar fiele
ús heupen brâne fûl
om’t wy dûnsje siel oan siel
salang’t wy laitsje
salang’t wy laitsje
sille ús lippen nea wer wurden meitsje
salang’t wy dûnsje
salang’t wy dûnsje
sille ús fuotten nea de grûn wer reitsje
كلمات أغنية عشوائية
- natalie grant › natalie grant – at your feet كلمات اغاني
- patty loveless › patty loveless – out of control raging fire كلمات اغاني
- buddy holly › buddy holly – i’m gonna set my foot down (overdubbed version) كلمات اغاني
- cliff richard › cliff richard – silver’s home tonight كلمات اغاني
- linda ronstadt › linda ronstadt – baby you’ve been on my mind كلمات اغاني
- crawler › crawler – masters of the night كلمات اغاني
- conquest › conquest – forgotten dreams كلمات اغاني
- rankin family › rankin family – grey dusk of eve (portobello) كلمات اغاني
- heaven shall burn › heaven shall burn – hunters will be hunted كلمات اغاني
- continent › continent – wake up كلمات اغاني