kalimah.top
a b c d e f g h i j k l m n o p q r s t u v w x y z 0 1 2 3 4 5 6 7 8 9 #

nynke laverman – narantuya كلمات اغاني

Loading...

har hannen
opdroege mei it waskwetter
seagje beam en streakje skiep

seagje beam en streakje skiep
al jierren jierren sûnt sy faam
en klear om blommen út te tearen
foar de man dy’t nimmer kaam

har heupen
bryktôge op it berchlân
sitte kruk en ride hynst

sitte kruk en ride hynst
mar de rook fan âlde langst
hinget noch altyd om har hinne
as sy fjoer slacht yn ‘e kachel
lekkens wasket yn ‘e sinne

naraa

har tearen
ynprinte mei it sinneljocht
jouwe skrift oan har gesicht

jouwe skrift oan har gesicht
fertelle frjemden in ferhaal
mar de skr-ssen op ‘e siele
swije yn in eigen taal

op jûnen fan ferjitte
skoot sy oan en krûpt sy wei
yn ‘e waarmte fan de minsken
skinkt en drinkt sy glimkjend mei

naraa

fansels de leafde moat besongen
elts in liet mei lûde stim
wylst de wodka boaiem rekket
brekt ynienen har stille glim

sy stiet op tusken de oaren
skuort de klean út yn ‘e snie
en gûlt har liet op tsjin de bergen
in wolvinne ûnder skiep

كلمات أغنية عشوائية

اهم الاغاني لهذا الاسبوع

Loading...