kalimah.top
a b c d e f g h i j k l m n o p q r s t u v w x y z 0 1 2 3 4 5 6 7 8 9 #

baldrs draumar – poarten fan rome كلمات اغاني

Loading...

mei it sakjen fan de tiber sloegen wy ta
under it ljocht fan de moanne, troch de tún fan flavia
skimen yn de nacht en oars gjin lûd
as ’t bûnzjen fan ús herten en ’t brûzjen fan ús friezebloed

kâlder wie ús stiel noch as de eastewyn
mei magnus en it findel trapen wy dyn poarten yn
do skoddest op dyn skonken, yn nachtlike noed
ferkrommele dyn grutskens troch de friezemoed

nimmen kin ús keare, nimmen kin ús oan
mei it riizjen fan it findel bringe wy in nije moarn
gjin finzene wurdt makke, gjin ealman ta slaaf
it bloed rint oer dyn stiennen, heech skrast in raaf
oan de ankels ta yn ’t bloed, rome tsjûge fan de friezemoed

op de pleinen fan sint peter barde it sa
dat de meast dwile sibbe fan germania
dien wurk makke yn de iere moarntiidsgloed
bún as bruorren troch ús eale friezenbloed

de grutte hie ús frege, wie dêrmei lyts man
it ferjeien fan wat eale lju joegen wy neat om
ús lytskes wiene al krigers, ús froulju likegoed
eltsenien sil skriuwe oer de wiere friezenmoed

كلمات أغنية عشوائية

اهم الاغاني لهذا الاسبوع

Loading...