kalimah.top
a b c d e f g h i j k l m n o p q r s t u v w x y z 0 1 2 3 4 5 6 7 8 9 #

sample text - beurs oan de ketting كلمات الأغنية

Loading...

[intro: jurjen, pieter, sijmen]
j: yo pieter
p: ja
j: wêrom hasto eigenlik altyd dyn beurs oan in ketting?
p: haha… noo, dêr sit best in ferhaal efter… wolst de koarte gearfetting of de hiele mikmak?
j: no, ik ha wol even de tiid
p: oké, uhh, sijmen!
s: ja?
p: kinsto in beat spylje?
s: uuh, jawol
_piano begjint te spyljen_
p: top, oké ik sil even, even slokje…
s: soksawat?
p: yo, is goed

[verse 1]
rinnend oer de strjitte is der ien ding net te missen
myn swarte learen beurs haw ik oan de ketting lizzen
guon dy freegje al: “is dat yn de moade?”
nee mefrou ik ha dat ding hurd noadich
it ferhaal hoesa spilet him ôf yn sweden
op in stockholms terras fan de burger kening
ik hie wat omstapt en ik kriich wol sin yn wat
dus gau in snelle hap wie foar my de koartste klap
no ik koe wol pinne, en dat ha ik witten
hie it iten binnen, en soe fierder gean rinne
mar ik kriich it gefoel dat er wat net doogde
ik fielde myn bûsen, en woe der net oan leauwe
mar de beurs wie fuort, en de ynhâld ek
dus yniens hie ik, oan jild gebrek
ja ik kin der nó, moai oer fertelle
mar ik bin bestellen, by it bestellen

[chorus]
in koarte gearfetting
ik ha de beurs oan de ketting
ja jo kinne my herkenne
oan de beurs oan de ketting
in koarte gearfetting (in koarte gearfetting)
ik ha de beurs oan de ketting (hat de beurs oan de ketting)
ja jo kinne my herkenne (jo kinne him herkenne)
oan de beurs oan de ketting (oan de beurs oan de ketting)

[verse 2]
jaa, sa kin it rinne
fan sa “moai fut” nei praktysk blut

sinten? fuort! buskaart? fuort!
bankpas? fuort! id kaart? fuort!
rydbewiis? fuort! bonuskaart? fuort!
donald duck abonnemintpas? fuort!
we hawwe doe noch by it ôffal socht
mar ek dat foel ôf, it wie om ‘e nocht
ik waard der wis fan, in bûsehifkerrr
makke dêr sa, myn bûsen lichter
fan de burger kening, gjin hulpverlening
“uh we don’t save the video surveillance”
ik fûn ik wol wat frjemd, en ik wit net oft it wier wie
it like my wol sterk, dat dy kamera foar de sier wie
doe de bank belle, ha myn paske mar blokkeard
ik tocht dat ik op tiid wie, ‘aanst giet it ferkeard’
mar wat blykte letter, ik seach ris op myn rekken
de boef hat fan myn pinpas èk in burger sitte fretten

[chorus]
in koarte gearfetting (no ja, koart?)
ik ha de beurs oan de ketting (de ketting oan de beurs)
ja jo kinne my herkenne (je moatte der al wenne)
oan de beurs oan de ketting (de ketting oan de beurs)
in koarte gearfetting (ik fyn dit net koart)
ik ha de beurs oan de ketting (de ketting oan de beurs)
ja jo kinne my herkenne (ik moest der al oan wenne)
oan de beurs oan de ketting (de ketting oan de beurs)

[verse 3]
leave eltsenien
pas op dyn pas want do hast der mar ien

no de oaredeis haw ik oanjefte dien
op it plysjeburo en dêr frege ik ien
“kom ik noch werom sûnder id?”
en de plysjeman sei “gjin idee”
“yn dit soart saken bin ik net bedreaun
skylje mar mei de ambassadeur”
no, oan de tillefoan mei de ambassade
fan ‘hoe kom ik no troch de dûane’
en dy stjoerden my, wer nei de fleanmaatskippij
fan de muorre nei it sket, kaam der ea noch in ein?
mar doe mocht ik nei hûs mei in hiele goeie útlis
in paspoartkopy en in oanjefteútskrift
paspoart lei noch thús, koenen se ‘m ek net stelle
“kin mem dy even scanne?”
se fûn ‘t al raar dat’k belle
ienkear op it fleanfjild, alles regeld, alles print
waard der troch gjinien nei frege, it hie hielendal gjin sin
enfin, no ja, der falt in protte oer te sizzen
mar myn moaie nije beurs haw ik oan de ketting lizzen

[chorus]
in koarte gearfetting
ik ha de beurs oan de ketting (de ketting oan de beurs)
ja jo kinne my herkenne
oan de beurs oan de ketting (de ketting oan de beurs)
in koarte gearfetting
ik ha de beurs oan de ketting (de ketting oan de beurs)
ja jo kinne my herkenne
oan de beurs oan de ketting (de ketting oan de beurs)

[outro: sijmen, teun, pieter]
t: wat moet je nou met zo’n gast?
wat moet je nou?
s: hé, is’t goed?

كلمات أغنية عشوائية

كلمات الأغاني الشهيرة

Loading...