
piter wilkens - sietse de vries كلمات أغنية
hoe is ’t mei dy, sietse de vries?
ik nim noch wat kofje en in stik bôle mei tsiis
it gers is wer meand en myn wurk hjir hast dien
fynst it slim as ik skoft hâld hjir by dyn stien?
do bist noch sa’n jonge, sietse de vries
do bist stoarn yn de oarloch, do wiest in soldaat
diest inkeld dyn plicht, it kaam op dyn paad
hast ea wol witten hoe ’t it siet, hoe ’t ’t it lei
de befrijing dy kaam pas doe wiesto al wei
do hiest gjin kar, dyn lot wie in beskaat
hast lang lije moatten of wie it gau diеn?
ha sy de fûn, fier hinne fеrgien?
do bist foar ús fallen, wy libje no frij
mar frege it front om jonges as dy
do bist gewoan offere en do wiest noch sa grien
der is al santich jier frede, wy libje net mear yn noed
miskien kinst my hearre en docht dy dat goed
de beammen binne snoeit en myn wurk hjir hast dien
en it waar is al aardich de baas oer dyn stien
mar do leist yn de sinne, it wie in moaie dei hjoed
ik ha de oarloch net kennen, mar ’t is in ôfgriis
it smyt oars neat op as fertriet en ferlies
do bliuwst fan no ôf altyd jonger as my
en is der in himel, dan gun ik dy dy
oant oare kear, sietse de vries
oant oare kear, sietse de vries
كلمات أغنية عشوائية
- woro widowati - tanjung mas ninggal janji كلمات أغنية
- 496gvng - kns كلمات أغنية
- rvre dean - clvssy freestyle كلمات أغنية
- kvnima - hypnosis كلمات أغنية
- katy guillen & the drive - because it's blue كلمات أغنية
- point reazon - discard your blues كلمات أغنية
- leo2745 - marcas de bikini كلمات أغنية
- diizii - turnt كلمات أغنية
- clauscalmo - record (acustica) كلمات أغنية
- yellow after rain - elton lux كلمات أغنية