kalimah.top
a b c d e f g h i j k l m n o p q r s t u v w x y z 0 1 2 3 4 5 6 7 8 9 #

meindert talma - sibbele hietkamp (de bonte hond) lyrics

Loading...

ik bin in âlderwetse boer
dy’t it allegear noch docht op de âlderwetse toer
in goeie rûchskerne en de stront op ’e tiid oer it lân
en melke doch ik ek noch altyd mei de hân

foarhinne wie it boerelibben in frij libben
mar hjoedtedei binne wy de wriuwpeal fan dy ferrekte ambtenaren
se skite ús ûnder en se dogge mei it boerke wat se wolle

se neame my hjir de bonte hond
want se smite alles mar by my del
en ik ha it noait oan tiid om al dat guod goed op te stoken of op te rêden
dat bliuwt derby, want arbeiders binne te djoer
en de jonge bazen wolle net mear

dat wie mei ús froeger wol oars
ik molk al om’t leven doe’t ik noch op ‘e âld skoalle siet
lêsten ha se my pakt mei de auto
myn rydbewiis wie al sân jier ferrûn

doe sei ik: ‘jimme moatte oerjaan mei jimme grappen
ik bin in âld man en ik haw it drok.’
ik wit wol al de dingen dy’t net tastien wienen
dat fûn ik moai, dat haw ik altyd dien
mocht ik gjin hokken bouwe yn’t lân
dan kaam er op elk lân in grut hok te stean
ik bin in âlderwetse boer
dy’t it allegear noch docht op de âlderwetse toer
in goeie rûchskerne en de stront op ’e tiid oer it lân
en melke doch ik ek noch altyd mei de hân

foarhinne wie it boerelibben in frij libben
mar hjoedtedei binne wy de wriuwpeal fan dy ferrekte ambtenaren
se skite ús ûnder en se dogge mei it boerke wat se wolle

der sil wol in boere_oarloch komme moatte
ik fyn de ambtenaren moatte allegear mar yn in strafkamp
want se binne ús te lêstich
of se moatte se mar dumpe yn ‘e lauwerssee

ambtenaren haw ik altyd min lije mochten
ik bemoei my net mei in oar en sy
sitte altyd mar op ús om te seuren
altyd mar sjen of se wat fine kinne

ik moat der mar ris ien fan kant meitsje
want dat is der altyd ientsje minder
dan moat ik it lêste skoftsje mar bromme
dat is hast better as wat ik no ha

lêst wienen dy miljeumannen hjir wer
ik sei: ‘wêr bemuoie jimme jim no mei, man?’
ik sei: ‘ik bin op wei nei de toer
dêr bin ik my hiel goed bewust fan.’
ik bin in âlderwetse boer
dy’t it allegear noch docht op de âlderwetse toer
in goeie rûchskerne en de stront op ’e tiid oer it lân
en melke doch ik ek noch altyd mei de hân

foarhinne wie it boerelibben in frij libben
mar hjoedtedei binne wy de wriuwpeal fan dy ferrekte ambtenaren
se skite ús ûnder en se dogge mei it boerke wat se wolle

se dogge mei it boerke wat se wolle…

ik bin in âlderwetse boer
dy’t it allegear noch docht op de âlderwetse toer
in goeie rûchskerne en de stront op ’e tiid oer it lân
en melke doch ik ek noch altyd mei de hân

foarhinne wie it boerelibben in frij libben
mar hjoedtedei binne wy de wriuwpeal fan dy ferrekte ambtenaren
se skite ús ûnder en se dogge mei it boerke wat se wolle

كلمات أغنية عشوائية

اهم الاغاني لهذا الاسبوع

Loading...