kalimah.top
a b c d e f g h i j k l m n o p q r s t u v w x y z 0 1 2 3 4 5 6 7 8 9 #

meindert talma - medium johan lyrics

Loading...

hy is heldersjend, helderhearrend, helderfielend
hy is in kaartlizzer en paranormaal genêzer
hy is sechtsjin en echt wat oars as oars
guon’t sizze: ‘hy nimt de minsken by de noas.’

medium johan, medium johan

buorfrou seit: ‘der is by him in stekje los
tsjoenders ha we net nedich yn stroobos.’
mar de measten binne bliid mei wat er docht
hy sjocht dingen dy’t in oar net sjocht

medium johan, medium johan

as er in doarpsbewenner
fan syn of har pine ferlost
is dat wer in moai lyts wûnder
in moai lyts wûnder yn stroobos

medium johan, medium johan

hy wennet tegearre mei syn mem
in folslanke frou mei lang hier
hy hat ek in gids, syn namme is karim
hy kent karim sûnt syn sechsde jier
medium johan, medium johan

at syn âlders wer ris rúzje hiene
flechte er nei syn keamer en dan kaam karim
hy hold hiele petearen mei dizze wite gedaante
hy fielt him noflik by him

medium johan, medium johan

as beuker seach er al ferstoarne minsken
earst hie er dat hielendal net troch
want se seagen der krekt sa út
as de libbene minsken dy’t hy tsjin kaam yn it doarp

medium johan, medium johan

‘it is hjir soms krekt in disko,’ seit syn mem
‘allegear jongfolk dy’t wat fan him wolle:
“johan, ik moat dy wat freegje!”
en dy jonge hat al safolle oan ‘e holle.’

medium johan, medium johan

‘ik sels haw it ek
mar ik hâld my mar wat rêstich op ‘e achtergrûn
us mem hie it en myn suster dy hat it ek
dat wy stean der hielendal net frjemd tsjinoer
medium johan, medium johan

us mem hat der noait wat mei dwaan kind
oars wie se fuortynienen nei frjentser ta brocht
dus, dat myn soan it no ek hat
bin ik bliid om en hie’k ek wol tocht.’

medium johan, medium johan

كلمات أغنية عشوائية

اهم الاغاني لهذا الاسبوع

Loading...