frederike kleefstra - grutte grize fûgel كلمات الأغنية
[farsk 1]
yn’e hjerst, yn’t skimeroere
mei ik graach ris bûten stean
boppe my yn grauwe loften
sjoch ik dan faaks de fûgels gean
grutte kloften sterke fûgels
driuwend op’e noardewyn
op nei fiere waarme oarden
nei in lân fol sinneskyn
mei langstme sjoch ik nei ‘t beweech
en út myn hert stiicht dan omheech
[refrein 1]
grutte grize fûgel
kinsto my ferstean
no’t de bleden falle
wol ik mei dy gean
de kâlde keale winter
stiet wer foar de doar
lit my sûntsjes sjonge
yn jim fûgelkoar
ik wol de kjelt ferjitte
de lange winternacht
ik sil dy lyk beleanje
foar dizze lytse fracht
lit my moarn mar glide
op in blommenwein
sterke grutte fûgel
nim my, nim my mei
[farsk 2]
len giet foar, hy is de kening
fan de rigels lang en smel
sûnder rest mei foarske halen
gean syn wjukken op en del
grutte lieder fan de keppel
helje my hjir ûnder wei
sjochsto net dat ik hjir klomje
werom nimsto my net mei
noch ien kear giet myn hân omheech
mar om my hinne bliuwt it leech
[refrein 2]
grutte grize fûgel
op dyn fearrentroan
soe ik reizgje wolle
feilich, waarm en skoan
draach my oer de bosken
en it sulv’ren strân
bring my oer de bergen
nei dyn dreamenlân
ik dûk djip yn dyn fearren
en meitsje my hiel licht
ik sil my net bewege
en knyp myn eagen ticht
set my by de see del
op in gouden dei
sterke, grutte fûgel
nim my, nim my mei
كلمات أغنية عشوائية
- fila 9 - antes que vivir كلمات الأغنية
- astrum jacques - noite fechada كلمات الأغنية
- cian ducrot & ella henderson - rest of our days (live from london) كلمات الأغنية
- moldy ballsack - piss boy. كلمات الأغنية
- nicole trębacz - wielkie miasta كلمات الأغنية
- atreyu - death or glory كلمات الأغنية
- dufus (band) - climb كلمات الأغنية
- payday monsanto - welcome to gaza كلمات الأغنية
- khali - tremblement de terre كلمات الأغنية
- cheatz (pol) - i to jest mozliwe كلمات الأغنية